Hjoed reizgje wy mei de RB Podcast nei it noarden fan ús lân, nei Fryslân. In provinsje mei in eigen taal, in sterke kultuer, in unike ekonomyske struktuer én opfallende fiskale en finansjele ferhâldingen mei De Haach. Want Fryslân kriget yn trochsneed mear fan it Ryk as dat it ôfdrage moat, mar op krúsjale ûnderdielen – lykas ynfrastruktuer, ûnderwiis en wittenskip – bliuwt it flink efter yn ferliking mei de rest fan Nederlân. Wat seit dat oer ús ferdielingssysteem? En hoe wurket dat troch yn de Fryske ekonomy, de agraryske sektor, it toerisme en it bedriuwslibben? En wat falt der te sizzen oer de fiskaliteit yn Fryslân? 

Fansels dogge wy dizze RB Podcast foaral yn it Frysk. Mei Thijs van der Laan (fan Van der Laan Medical yn Drachten) en Lubbert van Dellen (merkdirekteur Agro en senior-adviseur by Flynth yn Dokkum). En dizze kear net mei Sylvester Schenk, mar mei Lubbert yn de rol fan host fan de RB Podcast.

Oftewel: deze RB Podcast gaat over Friesland én is geheel in het Fries!

 Beluister de podcast 

Deel dit nieuwsbericht

Recente nieuwsberichten

Winkelwagen 0